Surhústerfean: drankrider pakt

© Omrop Fryslân
In 64-jierrige man út Surhústerfean is moandei syn rydbewiis kwytrekke, omdat hy mei drank op achter it stjoer siet. Fia in anonime tip krige de plysje te hearren dat de man mei drank op fuortriden wie. Op de Groenling troffen se de auto oan en even letter ek de bestjoerder. Hy waard meinommen nei it buro foar in blaastest.
Dêrút waard dúdelik dat de man yndie tefolle dronken hie. Hy krige in rydferbod foar 9 oeren en hy moast syn rydbewiis ynleverje.