Kij op de kuier yn Kollum

26 des 2011 - 14:57

Yn totaal 60 kij binne sneintejûn fan in pleats yn Kollum ûntsnapt. De kij giene oer de Trekwei en fiif kij bedarren yn it wetter fan de Trekfeart. De Trekwei hat oardel oere ticht west foar alle ferkear.

De brânwacht hat oeren wurk hân om de kij wer út it wetter te krijen. De rest is werom dreaun nei de pleats oan de Tollingawei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)