Graffity-spuiter oanholden

26 des 2011 - 14:36

In 17-jierrige jonge út Wormerveer hat yn de nacht fan earste op twadde krystdei op Skylge tal fan gebouwen ûnder de reade ferve spuite. Op West-Skylge spuite de jonge teksten op huzen op de Ruiterstrjitte, Torenstrjitte en it Raadhuisplein. Tsjûgen hawwe de jonge oanhâlden en oerlevere oan de plysje. Trije dupearren hawwe oanjefte dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)