Jonge op skooter oanriden

© Omrop Fryslân
In 25-jierrige ynwenner fan Ljouwert hat sneintejûn in 18-jierrige jonge op in skooter oanriden. Op de krusing fan de Goudenregenstrjitte en de Grinzerstrjitwei joech de man gjin foarrang oan de skooterrider, dy't oerstekke woe. Nei alle gedachten hat hy de jonge oer de holle sjoen. By de automobilist is in bloedproef ôfnommen.
It slachtoffer is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht.