Opsterlân past besparring oan

De gemeente Opsterlân wol folle minder enerzjy besparje op de iepenbiere ferljochting as earder it doel wie. Yn 2009 waard de ambysje noch op papier setten om yn 2020 yn totaal 30% minder enerzjy te brûken foar dy iepenbiere ferljochting. No wurdt dat de helte minder. En dat hoecht pas yn 2030 safier te wêzen. Alteast dat is it foarstel fan boargemaster en wethâlders neidat útsocht is hoefolle dat kostet.
Ut ûndersyk docht neffens wethâlder Wietze Kooistra bliken dat it tefolle jild kostet, seker yn tiden wêryn de gemeente al krap sit. It is ek dreech om enerzjy te besparjen, omdat Opsterlân al net in soad lantearnepeallen yn it bûtengebiet stean hat. By de ferfanging fan ferâlderde lantearnepeallen wurdt it wol technysk mooglik makke om it ljocht wat minder fûl baarne te litten. Oer fiif jier sjocht de gemeente oft it ûndertusken dochs noch mooglik is om mear enerzjy te besparjen.