FNP lulk op Elkien

26 des 2011 - 11:49

De FNP yn Súdwest-Fryslân ferwyt wenningboukorporaasje Elkien dat it de leefberens yn de lytse doarpen ûnderút hellet. Lykas oare wenningboukorporaasjes lûkt Elkien him werom út de lytse doarpen. Nije huzen komme der net mear en besteande hierwenten wurde ferkocht of sloopt. Wûns is razend dat de nije hierwenten dy't dêr boud wurde soene, der net komme. De nagelnije minister fan ynlânske saken Liesbeth Spies wol dat 75% fan de hierwenten ferkocht wurdt. De FNP is bang dat op it plattelân jongerein aanst net te plak kin en tinkt dat de trochstreaming op de wenningmerk stûket.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)