Nije wettermeters foar Flylân
Alle ynwenners fan Flylân krije in nije wettermeter. It giet om 550 stiks, dy't de kommende moannen ynstalleard wurde. Wetterbedriuw Vitens lit dat dwaan troch twa meiwurkers. Yn tsjinstelling ta oare plakken, meitsje dy yn 't foar gjin melding fan har komst. It omwikseljen fan de meters is nedich omdat de âlden tenein binne.