Ringerôf: stadionbaas is lulk

Direkteur Hans Lubberding fan it Olympysk stadion yn Amsterdam hat gjin goed wurd oer foar minsken dy't de Olympyske ringen boppe de yngong fan it monumintale gebou meinaam hawwe. Nei alle gedachten giet it om âldjiersstunt. By de yngong is in buordsje efterlitten mei de tekst: Dit stadion is al oud, bij ons wordt nieuw gebouwd. Sportief luiden we 2012 in, 't komt terug onder elk beding. It buordsje is fersierd mei twa pompeblêden. De tekst is nei alle gedachten in ferwizing nei it plan foar de bou fan in nij Thialf op It Hearrenfean. De fiif ringen binne histoarysk erfguod.
Dêr moatte je neffens Lubberding gewoan ôf bliuwe. Hy hopet dat de dieven goed mei de ringen omgean sille. De âldjiersploech fan Frijsteat De Folgeren wol gjin kommintaar jaan op it ferhaal fan Lubberding. ,,Wa't witte wol wat wy by de ein hawwe moat mar op ien jannewaris komme te sjen'', seit in wurdfierder tsjin Omrop Fryslân.