Fiskje mei steand want tastien

25 des 2011 - 12:51

Eilanners meie dochs trochgean mei it fiskjen mei saneamd steand want. Steatssekretaris Bleker hat lêsten besletten it rekreatyf fiskjen mei steand want netten en fûken oan de Noardseekust te ferbieden.

Der is no lykwols in útsûndering makke foar de Waadeilannen. Dêr is it steand want fiskjen in âlde tradysje. Steand want binne netten dy't stilstean yn it wetter en brûkt wurde om ûnder oare platfisk te fangen.

De belangrykste reden foar it ferbod wie dat der ek brúnfisken yn de netten fêst komme te sitten. Neffens de eilanners is dat net sa.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)