Foto's Sjoerd Andringa nei HCL

24 des 2011 - 12:47

In folslein byld fan it Fryslân fan nei de oarloch. Dat is wat de miljoen nijsfoto's fan de ferneamde parsefotograaf Sjoerd Andringa oan kulturele wearde ha. De kolleksje fan de âld-fotograaf fan ûnder oare it Friesch Deiblêd, Het Vrije Volk en Ons Noorden is no yn hannen fan it Histoarysk Sintrum yn Ljouwert.

Soan Frans Andringa, no al jierren fêste fotograaf fan it Deiblêd, droech dizze wike de samling oer. Troch syn minne sûnens koe 90-jierrige Andringa sels net by de oerlanging wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)