Frou ferwûne by botsing A7

In ynwenster fan Ljouwert is freedtejûn ferwûne rekke by in ûngelok op de A7 by Marum. De 23-jierrige frou botste op in auto, dy't dwers op de dyk stie. Dat kaam omdat de bestjoerder by it ynheljen in frachtweinkombinaasje rekke hie. De frou út Ljouwert bedarre nei de oanriding mei har auto yn in sleat. Se is oerbrocht nei it sikehûs.
Troch it ûngelok botsen ek noch in tal oare automobilisten op elkoar. Ien fan har waard foar ûndersyk nei it sikehûs yn Drachten brocht.