Reaktor hellet gas út dong

Op de Dairy Campus yn Ljouwert komt in reaktor dy't grien gas út dong hellet. De provinsje jout dêr in bydrage fan hast 2 ton foar. Mei dy technyk kin de feehâlder syn mineralebehear better regelje. Dat is in foardiel foar it takomstige dongbelied. Ek is it in kostebesparring fan bedriuwen dy't in dongoerskot hawwe.
It projekt wurdt troch fjouwer bedriuwen dien. Ien dêrfan is it wetter- en enerzjybedriuw Paques út Balk.