Freonen fytse foar kankeraksje

Fjouwer jonges fan 15 jier binne oan it begjin fan de maaiefakânsje starten mei in aksje foar KWF Kankerbestrieding. Yn harren frije tiid fytse se 600 kilometer, mei it doel om safolle mooglik jild op te heljen.
De reis giet yn fiif dagen fan Sint Nyk nei Schoorl, Leusden, Nijverdal, Loppersum en it einpunt is freedtejûn op De Jouwer. De jonges ha dizze aksje opsetten om't se allegeare direkt of yndirekt mei kanker te meitsjen krigen hawwe. Jild jaan kin op de webside fan staoptegenkanker.nl.