Auto fernield troch fjoerwurk
Yn Snits wurde tsjûgen socht fan de fernieling fan in auto. De plysje krige dêr tongersdeitejûn in melding fan. De ruten foar en achter en it ynterieur fan de wein wienen folslein fernield, nei alle gedachten troch fjoerwurk.
De auto yn de Waling Dykstrastrjitte stie net op slot. De 33-jierrige eigner hat oanjefte dien.