Man nei ûngelok ferstoarn

23 des 2011 - 11:04

De 21-jierrige man út Nijhoarne dy't woansdeitejûn swier ferwûne rekke by in ûngelok yn Ketlik, is tongersdei oan syn ferwûnings ferstoarn. De man wie mei syn auto fan de dyk rekke en tsjin in beam ta stilstân kaam.

De brânwacht hat de man út de auto helle. Hy waard mei de traumahelikopter nei it universitêr sikehûs yn Grins brocht. Dêr is er tongersdei dus ferstoarn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)