Soad ynbrekkerij Snitser wyk

02 maaie 2013 - 10:44

De plysje yn Snits hat yn de wyk Hemdyk hûs oan hûs 500 brieven ferspraat om minsken te warskôgjen foar ynbrekkers. Der wurdt de lêste tiid opfallend faak ynbrutsen yn huzen yn de wyk.

De plysje ropt minsken yn it brief op om wach te wêzen. As minsken wat fertochts sjogge wurde se frege om 112 te beljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)