2500 fytsers starte net

06 jun 2006 - 09:37

Sawat 2500 alvestêdetochtfytsers binne Pinkstermoandei net starten. Dat docht bliken út tellingen. Der wiene goed 15.000 ynskriuwingen, mar der stiene mar sa'n 12.500 fytsers by de start.

Ferline jier wie it tal dielnimmers ek al leger as it tal ynskriuwings. Dat lei doe oan it minne waar. De organisaasje sil deroer neitinke oer hoe't soks takom jier foarkaam wurde kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)