2500 euro tipjild foar ynbraak

26 apr 2006 - 10:44

In âlder stelt 2500 euro beskikber foar de gouden tip oer de ynbraak by in medysk bernedeiferbliuw yn Boalsert. Dêrby waarden ferskate kompjûters, digitale kamera's en byldskermen meinaam. Fierders hawwe de dieders alle laden en papierkasten oeral helle.

Twa wiken lyn is ek al ynbrutsen yn it gebou. Tips binne wolkom by de heit fan ien fan de bern: Michael Robart. Hy sil dy trochjaan oan de plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)