250 wenningen foar Dokkum

03 mrt 2006 - 06:39

Dokkum sil op ferskate plakken yn de stêd bouwen gean. Mei elkoar giet it om sa'n 250 wenningen. It grutste part komt yn de wyk 'de Trije Terpen' oan de súdkant fan de stêd. Ek op it âld Lyceumterrein wurdt boud.

De nije wenningen binne neffens de gemeente Dongeradiel fan grut belang. Sa wurdt it foar minsken oantrekliker om wurk te sykjen yn Dokkum. Ek it sintrum fan Dokkum wurdt opknapt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)