250 skoalbern yn Bûtenpost by astronaut André Kuipers

26 aug 2015 - 11:44

It Lauwerscollege yn Bûtenpost hat it nije skoaljier ôftrape mei in lêzing fan astronaut André Kuipers. Direkteur Willie Donker wol de skoalbern stimulearje om better te prestearjen op skoalle mei it each op de takomst. It Lauwerscollege sil dit jier folle faker ynspirearjende minsken útnoegje om in lêzing te hâlden.

By it optreden fan André Kuipers wiene 250 skoalbern oanwezich. Foar 25 bern wie der nei ôfrin fan de lêzing de mooglikheid om fragen te stellen oan de astronaut.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)