250 ekstra plakken by Cambuur

27 maaie 2009 - 11:04

By de thúswedstryd fan Cambuur tsjin Roda JC komme tongersdei 250 ekstra sitplakken. Foar de westtribune komt in needtribune mei 150 plakken en ferspraat oer it stadion wurde stuoltjes pleatst. Ek hawwe meiwurkers fan Cambuur har sitplak opjûn foar in steanplak.

De kaartsjes foar de ekstra plakken binne inkeld foar de seizoenkaarthâlders. De gewoane kaarten wiene tiisdei yn goed twa oeren útferkocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)