25 kandidaten foar Frjentsjer

14 jul 2009 - 17:03

Op de funksje fan boargemaster fan Frjentsjerteradiel hawwe 25 minsken sollisitearre. It giet om fiif froulju en tweintich manlju. De measten fan har binne lid fan de VVD, mar der sitte bygelyks ek trije leden fan de FNP en ien fan GrienLinks by.

De measten hawwe politike ûnderfining, ûnder oare as wethâlder. Ek sit der in âld-deputearre by. Kommissaris Jorritsma selektearret de kommende wiken in tal kandidaten út de sollisitanten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)