25 jier Seelter Buund

31 aug 2002 - 00:00

De Seelter Buund, de organisaasje fan Seelter Friezen, bestiet dit wykein 25 jier. Yn Seelterlân by Cloppenburg yn Dútslân prate sa'n 1.000 minsken in fariant fan ús Frysk. Likegoed tinkt de Buund dat it Seeltersk rêden wurde kin. Op beukerskoallen en basisskoalle wurdt de taal oan de bern leard.

Op it jubileumfeest yn Ramsloh komme ek minsken út ús Fryslân en Noardfryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)