25 jier Radio Gasterlân

02 mrt 2013 - 15:01

Radio Gasterlân, de lokale omrop fan Gaasterlân-Sleat, bestiet sneon op de kop ôf 25 jier. Yn 1988 krige de omrop in offisjele stjoerfergunning fan de doetiidske minister Neelie Smit-Kroes. Yn it Haske yn Balk is dêrom sneon de hiele dei in spesjale jubileumútstjoering.

De útstjoering hat wol in lyts rourantsje, want it is nei alle gedachten foar it lêst dat Radio Gasterlân sa'n feestje fiere kin. Fan takom jier ôf giet de omrop - fanwege de weryndieling - op yn Radio Spannenburg.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)