25 jier Golden River yn Kollum

15 maaie 2014 - 16:49
  • De Kollumer Sinees fiert it 25-jierrich jubileum

Wa't Sinees hellet by Sinees restaurant De Golden River yn Kollum sil opsjen fan de priis. Eigners Xu en Saiqin Chen fiere harren 25-jierrich jubileum nammentlik mei in koartingsaksje fan 10 prosint foar alle klanten. It restaurant is al jierren in goed besocht itersplak yn it doarp. Spesjaliteiten binne de saneamde fjoerpan gerjochten mei Sineeske wyn en swarte beannesaus.

Njonken it restaurant fersoarget De Golden River sûnt inkelde jierren ek catering by minsken thús.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)