25 jier easke yn saak-Hoekstra's

28 jun 2002 - 00:00

Der is tongersdei 25 jier selstraf easke tsjin de twa fertochten fan de moard op it echtpear Hoekstra út Menaam. Jan en Ivonne Hoekstra waarden yn maaie ferline jier fermoarde yn Portugal dêr't se op fakânsje wiene.

De fertochten hawwe yn earste ynstânsje bekend, mar woene tongersdei neat sizze. De soan fan de Hoekstra's wie oanwêzich yn de rjochtseal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)