25% bern Maritime Akademy siik

05 nov 2009 - 10:14
  • 48 sike bern op de Maritieme Academie yn Harns

It tal learlingen dat thús bliuwe moat mei klachten dy't op de Meksikaanske gryp lykje, wurdt hieltyd grutter. Op de Maritime Akademy yn Harns rint it tal sike learlingen mei de dei op. Moandei wiene dat der 33, tiidsdei 48 en tongersdei binne al 54 fan de 200 VMBO learlingen syk.

By it MBO giet it in stik better, dêr binne noch mar trije learlingen siik. De measte dosinten binne noch net siik, mar fan guon klassen is hast de helte fan de bern siik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)