25 banen fuort by Praktykskoalle

19 nov 2003 - 00:00

By PTC+, oftewol de praktykskoalle yn Oentsjerk, ferlieze 25 minsken har baan. Yn in ynterne notysje wurdt sprutsen oer nochris 20 ûntslaggen, mar dêr wol it bedriuw fierder net op reagearje.

Wa't de minste tsjinstjierren hat, rint de grutste kâns om dien te krijen. De ûntslaggen geane 1 maaie takom jier yn. Alle aktiviteiten komme dan yn it haadgebou yn Oentsjerk. Twa oere bedriuwen wurde ferkocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)