25 bands op 25ste Aaipop

09 apr 2012 - 16:52

Foar de 25ste kear stie it doarp Nijlân moandei hielendal op 'e kop foar Aaipop. Yn al dy jierren is Aaipop it festival foar Fryske muzyk wurden. Dêr moatte je as Frysktalige artyst in kear stien ha, oars telle je net mei. Op dizze jubileumedysje wiene der mar leafst fiif poadiums, wêrûnder in poadium bûtendoar, en optredens fan 25 akts.

It trouwe publyk, sa'n 2500 man, kaam manmachtich opsetten. Aaipop waard moandeitejûn ôfsletten troch de sjongeressen Anneke Douma en Country Wytske. Sy sille moandeitejûn foar it earst op Aaipop optrede.

Douma soe mei Griet Wiermsa optrede, mar dy wie siik.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)