24e Bartlehiemer Skeelertocht

20 aug 2011 - 08:24
  • In byld út 2010 (foto bartlehiemerskeelertocht.nl)

Yn de omjouwing fan Hallum wurdt sneon de 24e Bartlehiemer skeelertocht hâlden. It giet om it iepen Nederlânsk Kampioenskip. De wedstriid giet oer 100 kilometer en stiet ek bekend ûnder de namme de "Hel fan it noarden". Tagelyk mei de wedstriid is der ek in toertocht foar rekreanten.

Der is in parkoers útsetten fan 30 km. dat troch in stik as wat doarpen giet en fansels ek troch Bartlehiem. De ynternasjonale top út de skeelerwrâld wurdt wer oan de start ferwachte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)