Bydrageregeling skrast

jild © ANP XTRA
Minsken mei in minimumynkommen yn Noardwest-Fryslân krije takom jier gjin ekstraatsje mear fan de gemeente. De bydrageregeling 'meedoen met de samenleving' wurdt ôfskaft en dat is in direkt gefolch fan de needsaaklike besunigings. De acht gemeenten yn Noardwest-Fryslan prate de kommende moannen oer in mooglik alternatyf foar de regeling.
De bydrage wie bedoeld om minsken mei in minimum-ynkommen toch de gelegenheid te jaan om mei te dwaan oan sport of om in abonnemint op in krante te beteljen.