Adema: drugshannel oanpakke

Der moat yn it nije jier in plan fan oanpak lizze om wat te dwaan oan drugshannel en drugsgebrûk yn Achtkarspelen. Dat seit boargemaster Piet Adema, yn reaksje op it plysjeûndersyk dat tongersdei presintearre is. Yn ûnder oare De Westerein, Koatstertille, Droegeham, De Harkema en Surhústerfean binne mei-elkoar 12 drugsdealers oanhâlden. Twa wiene minderjierrich. In grut oantal jongeren blykt ferslaafd te wêzen, oan bygelyks GHB. Adema wol mei de plysje, de skoallen, de âlden en de ferslavingsoarch om de tafel om in oplossing te betinken.
Dat sil fierder gean moatte as gewoane foarljochtingsjûnen, want it docht yn de praktyk bliken dat dy faak min besocht wurde.