Hegere boetes foar skipfeart

© Omrop Fryslân
De boetes foar tankers dy't op de Noardsee bûten de rûte komme moat omeech. Dat hat minister Schultz van Haegen de keamer witte litten. Boppe de Waadeilannen rint de drokste farrûte fan de wrâld. Tankers hawwe in eigen rûte en meie dêr net bûten komme, mar dogge dat wol. Dêr stiet in boete op, mar grutte maatskippijen nimme dy boete der op ta as se in koartere rûte nimme kinne.
Mei in hegere boete tinkt de minister dat de skippen har better oan de rûte hâlde sille en dat is better foar de feilichheid.
It iepenbier ministearje sil rjochtlinen opstelle foar it boetesysteem.