Alden ha gjin idee drugsgebrûk

22 des 2011 - 16:57

Alden hawwe faak gjin inkeld idee fan it drugsgebrûk fan har bern. Dat seit de plysje, nei oanlieding fan de resultaten nei in grut drugsûndersyk yn Noardeast-Fryslân. Tongersdei waard bekend dat dêr tolve minsken oanhâlden binne foar de hannel yn drugs, wêrûnder twa minderjierrigen fan 15 en 17 jier.

Mei de tolve oanhâldings wurde hiele gesinnen konfrontearre mei drugs en de gefolgen. Alders ferlieze it fertrouwen yn de jongeren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)