CdK belutsen by Smellingerlân

© gemeente Smellingerlân
Kommissaris fan de Kening Jorritsma hâldt de finger oan de pols by it ûndersyk nei de eangstkultuer op it gemeentehûs fan Smellingerlân. Dat hat er de groep amtners en âld-amtners witte litten, dy't nei bûten brocht ha dat se har yntimidearre fiele troch har liedingjaanden. De minsken ha de kommissaris om help frege.
Jorritsma hat har witte litten dat er belutsen is en dat er mei boargemaster Van Bekkum fan Smellingerlân ôfpraat hat dat dy him op de hichte hâldt fan it ûndersyk.
Yn ôfwachting fan de konklúzjes fan dat rapport hat er no earst gjin rol, seit Jorritsma.