Van Laar fan Fier nei Keamer

01 maaie 2013 - 21:02

Roelof van Laar, meiwurker fan Fier Fryslân, wurdt lid fan de Twadde Keamer foar de PvdA. Hy ferfangt earst Lea Bouwmeester dy't mei kreamferlof giet. Fan septimber ôf nimt hy it plak yn fan Pierre Heijnen dy't út de Twadde Keamer giet. De PvdA makke dit bekend. Van Laar wurket no foar Fier Fryslân en it Centrum Kinderhandel en Mensenhandel.

Yn de Twadde Keamer wol Van Laar him spesjaal ynsette foar de dôven. Der binne yn Nederlân fierstente folle dôven dy't fanwege har handikap gjin wurk fine kinne. Van Laar wol dêr wat oan dwaan.

Der binne yn Nederlân goeie foarsjennings foar dôve bern, lykas spesjaal ûnderwiis, mar dôve folwoeksenen wurde tefolle oan har lot oerlitten, fynt Van Laar. Sa is it foar dôven net mooglik om alarmnûmer 1-1-2 te beljen. Dit soe oplost wurde kinne mei Skype of in 1-1-2 app, mar dy mooglikheid biedt it alarmnûmer no noch net. Van Laar wol ek dêr omtinken foar freegje. Hy sil de kommende moannen in rapport skriuwe mei oanbefellings oer hoe't de posysje fan dôven en minsken dy't min hearre ferbettere wurde kin. Van Laar is him bewust wurden fan de problemen fan de dôven troch in dôf famyljelid.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)