Bern sporte fan ynlevere skuon

01 maaie 2013 - 20:49
  • Amateurfuotbal

Der kinne 14 Fryske bern in jier lang sporte fan de opbringst fan de skuonne-aksje fan Scapino. Yn de lêste wiken fan maart leveren klanten 17 tûzen pear âlde skuon yn. Dat hat 3500 euro oplevere. Dêrfan kin de kontribúsje fan in sportferiening en klean en skuon foar de bern fan betelle wurde.

It Jeugdsportfûns Fryslân hat it bedrach yn ûntfangst nommen. It fûns biedt gesinnen de kâns om harren bern dochs sporte te litten as se dat sels net betelje kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)