Nij Frysk fûgelboek yn de maak

01 maaie 2013 - 20:44
  • Mosk

De legindaryske boekesearje Vogels in Friesland út de jierren santich fan de foarige ieu krijt in ferfolch. In spesjale wurkgroep fan Fryske fûgelsaakkundigen sil oan de slach mei in nije ynventarisaasje fan de fûgels dy't krekt yn Fryslân foarkomme. It giet dan net allinnich om fûgels dy't hjir altyd binne, mar ek fûgels dy't Fryslân as tuskenstop brûke.

Yn 2018 moat dat twa nije boeken opsmite. De boeken út de jierren 70 stean yn hast alle Fryske boekekasten, mar binne yntusken achterhelle.

Oft it nije boek ek sa populêr wurde sil moat ôfwachte wurde. De earste oplage sil lizze tusken de 3000 en 5000 eksimplaren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)