CDA-Ljouwert noed oer jild

It CDA yn de gemeente Ljouwert makket him noch altyd soargen oer de wet Houdbaarheid OverheidsFinanciering, de wet HOF. Yn dy wet is û.o. regele wat lokale oerheden wol en net mei harren jild dwaan meie en dat se reserves ûnderbringe moatte by de ryksoerheid. Neffens dyselde legere oerheden soarget dat der foar dat harren ynvestearrings mooglik op slot komme.
Ferline wike waard yn de Twadde Keamer in moasje fan it CDA oannaam dy't dat krekt foarkomme moat. Mar dat hat de soargen lokaal noch net fuort naam.
Neffens Friso Douwstra fan it CDA yn de Ljouwerter gemeenteried is net dúdlik oft dy moasje allinnich jild foar besteande projekten of ek foar nije. Neffens Douwstra soene dan noch altyd tefolle projekten gefaar rinne. Se hawwe derom no skriftelike fragen steld oan it kolleezje.