Hollânsk boppe, Frysk derûnder

De gemeente Súdwest-Fryslân wol noch dit jier de plaknammen op de kombuorden yn dy gemeente gelyk lûke. By alle doarpen en stêden komt tenei de Nederlânske plaknamme boppe te stean en de Fryske plaknamme dêrûnder. No is it noch sa dat yn de eardere gemeenten Nijefurd en Wymbritseradiel de Fryske namme boppe stiet.
it beslút is nommen út praktyske oerwagings en moat los sjoen wurde fan it Fryske taalbelied fan de gemeente, sa seit wethâlder Sinnema. It plaknammebelied leit gefoelich yn Súdwest-Fryslân.
Neffens de topografyske wurkgroep fan de Jongfryske Mienskip soe it beslút yn striid wêze mei it Europeesk Hânfêst foar minderheidstalen fan de Ried fan Europa. Neffens dat Hânfêst mei in minderheidstaal der by gemeentlike weryndieling net op achterút gean, en as it Frysk ferhuzet fan it boppeste nei it ûnderste plak op in boerd giet de taal der wol op achterút. Wurdfierder Cor Jousma fan de topografyske wurkgroep hâldt dêrom rekken mei juridyske prosedueres tsjin it plaknammebeslút fan Súdwest-Fryslân.