Aris los yn heale finale

De basketballers fan Aris sette woansdeitejûn yn Den Bosch útein mei de heale finales om de lânstitel. Yn in best-of-five searje tsjin EiffelTowers meie de Ljouwerters besykje foar it earst yn de kluphistoarje de finale te heljen. Aris spilet mei it logo fan Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018 op it shirt.
Yn sporthal De Maaspoort is de thúsploech de grutte favoryt. Fan de fjouwer wedstriden dy't beide ploegen dit seizoen tsjininoar spilen wûn Den Bosch trije.