F16's Ljouwert by ynhuldiging

01 maaie 2013 - 14:52

Seis F16-piloaten fan de fleanbasis Ljouwert hawwe tiisdeitejûn mei kollega's fan de basis yn Folkel in oerfleanaksje útfierd boppe it Amsterdams IJ. Dêr wie op dat stuit de Keningsfeart foar de ynhuldiging fan kening Willem-Alexander oan 'e gong.

Mei reek ûnder de wjukken fan feantugen wei waard in earebetoan jûn oan de nije kening Willem-Alexander en keninginne Maxima.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)