Brêge ôfsluten foar trucks

De ôfsluting foar swier ferkear fan de Stasjonsbrêge yn Frjentsjer soarget foar problemen. Ferkear oan de súdkant fan de stêd moat no omride. Sa moatte se by kraanbedriuw BKF oer in dyk dy't net gaadlik is foar swier materieel. Nei de simmer wurdt ek wurke oan oare ûntslutingsdiken. Suermerk Poiesz is dan ek benaud foar de gefolgen as de ôfsluting lang duorret.
De provinsjale Stasjonsbrêge is ferâldere en gefaarlik foar swier ferkear. De provinsje hat tasein foar de simmer mei dúdlikens te kommen oer de kosten fan ferfanging fan de brêge.