Fersetsmuseum wol foto's

01 maaie 2013 - 12:34
  • Gerrit Fokkema makket foto foar fersetsmuseum
  • Hans Groeneweg by it fersetsmonumint yn de Prinsetún
  • Fokkema set it fersetsmonumint op de foto
  • it fersetsmonumint yn de Ljouwerter Prinsetún

It Fersetsmuseum yn Ljouwert ropt ynwenners fan de provinsje op foto's te meitsjen fan oarlochsmonuminten en dy op stjoeren foar de nije ynternetside. Dy oprop die direkteur Hans Groeneweg woansdei. Ald-fersetstrider Gerrit Fokkema (89) 't Ljouwert makke woansdei by wize fan iepeningsdied de earste foto. Hy sette it fersetsmonimunt yn de Ljouwerter Prinsetún op de kyk.

Der binne yn Fryslân fiifhûndert oant seishûndert oarlochsmonuminten. It fersetsmuseum wol se allegearre yn kaart bringe en yn de gaten hâlde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)