Fryslân wol gjin 'dumphuzen'

01 maaie 2013 - 12:17

Fryslân sit net te wachtsjen op startershuzen foar boaiemprizen. Dat seit foarsitter Albrecht Kok fan makelersferiening NVM yn Fryslân. Hy reagearret op plannen fan boubedriuw VDM yn Droegeham. Dat ferkeapet in nagelnije tuskenwente mei alles der-op-en-der-oan foar 82.000 euro. Kok is benaud foar ferdringing op de merk foar besteande huzen. Boppedat tinkt er dat de huzen allinnich oanloklik binne as de kavelpriis hiel leech is.

VDM hopet op kavels fan 20.000 euro, mar neffens Kok is dat foar de measte doarpen en stêden yn Fryslân net reëel.

VDM seit dat in lege kavelpriis wol mooglik is, as bygelyks korporaasjes lytse stikjes grûn oer hawwe. Yn Surhústerfean hat by in fergelykber projekt bliken dien, dat der wol deeglik belangstelling is foar goedkeape starterswenten, seit haad ynkeap Foppe Land. De huzen kinne sa goedkeap boud wurde, trochdat de ûnderdielen sa folle mooglik foarôf makke wurde yn de eigen fabryk fan VDM. Oanpassings, lykas in stopkontakt op in oar plak, binne dêrtroch net mooglik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)