Direksje Smellingerlân rekke

01 maaie 2013 - 11:02

De direksje fan de gemeente Smellingerlân is pynlik troffen troch it nijs dat in eangstkultuer hearskje soe op it gemeentehûs yn Drachten. Dat hawwe de gemeentesekretaris en de direkteur it personiel witte litten.

De direksje is it dermei iens dat it kolleezje fan boargemaster en wethâlders opdracht jûn hat foar in ekstern ûndersyk. Omdat sysels ûnderwerp fan diskusje binne, soe it net goed wêze as sy opdracht jûn hiene foar in ûndersyk.

Twa wiken ferlyn brocht in groep amtners en âld-amtners fan de gemeente Smellingerlân nei bûten dat sy harren slachtoffer fiele fan yntimidaasje troch harren liedingjaanden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)