'Winskambulânse faker ynsette'

01 maaie 2013 - 10:54

De winskambulânse fan Noard-Nederlân kin folle mear pasjinten helpe as no dien wurdt. Dat seit Jolande de Jong fan Ambiance Noord Nederland, de stifting achter de winskambulânse. De meiwurkers fan de winskambulânse helpe slim sike minsken harren lêste dreamen út te fieren. Dêrby kin tocht wurde oan it meihelpen fan in dei fuort nei in ferdivedaasjepark mei de famylje.

Alle jierren helpt de stifting sawat tweintich pasjinten yn de provinsjes Grinslân, Fryslân en Drinte. Dat soene wol fyftich of mear wêze kinne, seit De Jong.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)