Fytser op rotonde De Jouwer

Knooppunt De Jouwer © Google Street View
De plysje hat op de jûn fan Keninginnedei in 50-jierrige fytser fan de rotonde fan De Jouwer helle. Hy waard opmurken troch foarbykommende plysjes. Dy sommearren him yn 'e berm stean te gean. De man stuts lykwols de rydbanen oer nei de oare kant fan it plein.
Uteinlik gie de fytser wol fan de rotonde ôf en koe er oppakt wurde troch de plysje. Dy hat him op it buro in bekeuring fan 140 euro jûn.