Epke tefreden oer optreden

01 maaie 2013 - 06:59

Turner Epke Zonderland is tefreden oer syn optreden by de Keningsfaart. De Lemster mocht by it IJ yn Amsterdam in koarte oefening dwaan foar it keningspear en har bern. Dy makken mei in fearboat in tocht lâns ferskate optredens en presintaasjes op en lâns it wetter.

Neffens Epke koe er de oefening útfiere dy't er yn it foar betocht hie. Hy moast dêrby rekken hâlde mei de wyn en de muzyk. Neffens eigen sizzen gie it goed en joech it keninklik selskip oan it ek moai te finen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)