Keningsliet Ljouwert mislearre

30 apr 2013 - 20:13

It sjongen fan it Keningsliet op it Ljouwerter Saailân is tiisdei mislearre. Troch in rezjyflater wie it liet al inkele maten dwaande, doe't it op de skermen yn Ljouwert ferskynde. It slagge de oanwêzigen doe net mear om de tried op te pakken. Der wie ek kwalik belangstelling foar it liet.

Doel wie dat rûnom yn Nederlân minsken it Keningsliet sjonge soene om healwei achten. Op tal fan plakken wie dat al fan it programma skrast, omdat hast gjin sjongers te finen wiene. Yn Ljouwert stie it Saailân mei 800 oant 900 minsken ek lang net fol.

Trefwurden: 
Ljouwert Saailân keningsliet
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)